Unwissens

Unwissens    ( ken josels )

  1.  Cerato   Leadkrûd   Ceratostigma willmottiana
    Negative gemoedstastannen: net fertrouwe op eigen yntuysje, ûnwissens, twifelje oan eigen oardiel of ynsjoch, wachtsje op advys of befêstiging.
    Positive gemoedstastannen: fertrouwe op eigen ynsjoch en yntuysje, selsbetrouwen.
  2. Gentian  Gentiaan  Gentiana amarelle
    Negative gemoedstastannen: depresje, gjin útwei sjen, gjin betrouwen ha, twifelje en ûntheistere, swiermoedich, wanmoedich by tsjinklap.
    Positive gemoedstastannen: betrouwen, optimisme, kriich.
  3. Gorse    Hoannespoar  Ulex europaeus
    Negative gemoedstastannen: hopeleazens, gjin útwei sjen, pessimisme, negatyf byld fan it libben.
    Positive gemoedstastannen: oertsjûging, hope, leauwen en krêft.
  4. Hornbeam  Hageboek   Carpinus betulus
    Negative gemoedstastannen: tydlik oerbelêst, wurgens, minfiele, sleau en hingerich, nearne waarm foar rinne.
    Positive gemoedstastannen: wer op gong komme, enerzjy ha, ynisjatyf nimme en oanpakke.
  5. Scleranthus    Hurdblom    Scleranthus annuüs
    Negative gemoedstastannen: ûnwis, net kieze kinne út twa dingen, by it swierwêzen, weinsykte, twifelriedigens, twifel, wikseljend sin.
    Positieve gemoedstastannen: beret en lykwicht, koelbloedich kieze kinne en hannelje
  6. Wild Oat   Wrede drips   Bromus ramosus
    Negative gemoedstastannen: net kieze kinne út in protte moochlikheden, twifel by it te folgjen libbenspaad, alles tagelyk oanpakke wolle.
    Positive gemoedstastannen: doelfêste ambysje, befêstiging fan ropping, talint en libbensdoel