Unfoldwaande ynteresse foar it hjoeddeiske

Unfoldwaande ynteresse foar it hjoeddeiske  (libje by de dei)  

  1. Chestnut Bud  Knop fan ’e kastanje Aesculus hippocastanum
    Negative gemoedstastannen: hieltyd deselde flaters meitsje, learproblemen, foarúttinke, hieltyd opnij jin fersinne, net leare fan ûnderfinings fan eartiids.
    Positive gemoedstastannen: wiisheid troch evaluaasje en yntegraasje fan eigen ûnderfinings.
  2. Clematis   Boskklematis  Clematis vitalba
    Negative gemoedstastannen: ôfwêzich, dreamerich, ûnferskillich.
    Positive gemoedstastannen: yn it hjir en no libje, beide fuotten op ’e grûn, ekspresje fan talint.
  3. Honeysuckle  Papsûger Lonicera caprifolium
    Negative gemoedstastannen: ûnwennigens, libje yn it ferline, nostalgy, spyt, tekoart oan takomstperspektyf.
    Positive gemoedstastannen: libje yn hjoeddedei, takomstrjochte mei it ferline as basis.
  4. Mustard   Krôde  Sinapis arvensis
    Negative gemoedstastannen: depresje mei ûnbekende oarsaak, swiermoedich fiele sûnder dúdlike reden.
    Positive gemoedstastannen: bliidmoedigens, ynerlike rêst en libbensnocht.
  5. Olive   Oliif   Olea europaea
    Negative gemoedstastannen: ynein, deawurch,ôfmêd, lichaamlik en geastlik  tenein wêze.
    Positive gemoedstastannen: gemoedsrêst, enerzjy wer opladen.
  6. White Chestnut  Kastanje  Aesculus hippocastanum
    Negative gemoedstastannen: eat oer male, soargen ha, prakkesearje, aaklike tinsen, ûnferwurke konflikten.
    Positive gemoedstastannen: ûntspannen, konsentraasjefermogen, geastlike rêst, libje yn it hjoeddeiske.
  7. Wild Rose Kantsjeroas Rosa canina
    Negative gemoedstastannen: apaty, berêsting, tekoart oan motivaasje, sleau, passiviteit.
    Positive gemoedstastannen: doelfêst, ambisjeus, ynerlike motivaasje, entûsjasme.