Mismoedigens en wanhoop

Mismoedigens en wanhoop  (fyn hope en lok) 

  1. Crab Apple   Apel   Malus pumila
    Negative gemoedstastannen: gefoel fan geastlike of liiflike ûnreinens, eangst foar smoargens, skamte, tsjinnichheid yn josels.
    Positive gemoedstastannen: akseptaasje fan josels, tolerânsje, alles yn de krekte proporsjes sjen kinne.
  2. Elm    Fjildyp    Ulmus procera
    Negative gemoedstastannen: black-out, tydlike útputting, in fersmoarend gefoel dat de swierrichheden jin boppe de holle groeie.
    Positive gemoedstastannen: selsbetrouwen, betrouwen yn eigen effisjinte oanpak.
  3. Larch     Liere      Larix decidua
    Negative gemoedstastannen: in tekoart oan selsbetrouwen, ûnwissens, in tekoart oan betrouwen yn eigen kinnen, in gefoel fan minderweardichheid.
    Positive gemoedstastannen: trochsettingsfermogen, berettens, selsbetrouwen.
  4. Oak    Simmeriik     Quercus robur
    Negative gemoedstastannen: útputting, trochgean, bealger, grut plichtsgefoel, tsjin better witten yn,( koppich), net ophâlde wolle.
    Positive gemoedstastannen: geduldich en linich omgean mei tiid en krêft, jinsels rêst ta ha wolle.
  5. Pine     Din     Pinus sylvestris
    Negative gemoedstastannen: skuldgefoelens, gefoelens fan minderweardichheid, wroech, jin foar alles ferantwurdlik fiele en jin tekoart sjitten fiele.
    Positive gemoedstastannen: lykwicht en libbenswille, jinsels en jins flaters oanfurdigje sûnder selsferwyt.
  6. Star of Bethlehem    Gersstjer    Ornithogalum umbellatum
    Negative gemoedstastannen: shock, hommels fertriet, rou, treaster, ferfelende ûnderfining, ûnferwacht aaklik barren.
    Positive gemoedstastannen: fersêfter foar lea en geast by spanning, fertriet en shock.
  7. Sweet Chestnut    Nuete kastanje    Castanea sative
    Negative gemoedstastannen: djippe fertwiveling, iensumens, mismoedigens, it gefoel ha oan de râne fan ’e ôfgrûn te stean.
    Positive gemoedstastannen: nij ynsjoch, mei iepen geast foar ljocht, leauwen en betrouwen.
  8. Willow    Wylch    Salix vitellina
    Negative gemoedstastannen: wrok, ferbittering om meimakke ûnrjocht, selsbeklach.
    Positive gemoedstastannen: optimisme en libbensnocht om it lot yn eigen hannen te nimmen.