Blossems

eigendom van Gea Pool

Op de folgjende siden kinne jo in koarte omskriuwing fan alle blossems  fine. Ik ha de yndieling  fan Dr. Bach oanhâlden. Dizze yndieling kinne jo ek brûke om nei te gean of jo bepaalde emosjonele gemoedstastannen werkenne. Jo kinne it brûke as in stikje bewustwurding. Wolle jo wier de djipte yn, dan is blossemterapy in hiel moai middel om saken op te lossen en te hielen. Tagelyk krije jo dan goeie begelieding tidens dit proses.
Warskôging
As jo beslúte om sels blossems út te sykjen en te brûken, dan kinne der somtiden fûle reaksjes optrede. Dit kin te meitsjen hawwe mei it feit dat jo tafallich trije blossems fan in spoar brûke en dêrtroch de merdiaan triggere wurdt  (sjoch Eftergrûnynformaasje). Ek kinne jo in tal kommnunikaasje blossems brûke dy’t emosjonele aspekten triggerje, wat ek fûl wêze kin. As nei trije dagen de tastân slimmer wurdt, dan moatte jo fuort stopje mei it ynnimmen fan de blossems, dan lost de negatyve situaasje fansels wer op.
Medikaasje
Blossems binne nea in ferfanging fan jo reguliere medikaasje!
Blossems binne krekt in hiele moaie oanfolling op jo reguliere medikaasje omdat se op in oare trillingsfrekwinsje funksjonearje.